"Earste folslein drûge dei fan augustus yn sicht"

© Omrop Fryslân
Kommende woansdei liket de earste dei yn augustus sûnder rein te wurden. Dat seit waarburo MeteoGroup. Oant no ta hat lanlik sjoen noch gjin inkelde dei yn augustus sûnder rein west. Troch in hegedrukgebiet draait de wyn de kommende dagen nei it easten en dêr komt drûge en waarme lucht wei.
Moandei en tiisdei kin der yn it noarden noch in bui falle, mar woansdei liket it hielendal drûch te bliuwen. Dat soe dan foar it earst dizze moanne wêze. Yn july hiene we twa dagen dêr't it yn Nederlân hielendal drûch op bleau, op 19 en 20 july.