Drachten on the Beach is opnij súkses

14 aug 2016 - 18:57

Hûnderten besikers hawwe de ôfrûne twa wiken dielnommen oan de aktiviteiten fan Drachten on the Beach. Al soarge it reinwetter betiden foar it ôfsizzen of it ferskowen fan de spultsjes foar de bern. It feest ûntstie trije jier lyn doe't it sintrum fan Drachten yn in bouput siet troch de wurksumheden oan de Drachtster Feart.

De wurksumheden binne no al lang klear, mar it befoel de Drachtster ûndernimmers goed om it simmerbarren ek dit jier wer te organisearjen. It Museumplein en it Raadhuisplein dienen dit jier foar it earst mei oan de aktiviteiten.

Goeie sfear

Ingrid Veenstra fan de organisaasje sjocht tefreden werom op dizze edysje fan Drachten on the Beach. "It is alle jierren wer in hiele organisaasje. It waar siet betiden wolris tsjin, mar as ûndernimmers binne we bliid mei de minsken en de goeie sfear yn it sintrum."

Trefwurden: 
Drachten on the Beach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)