Resten skiep fûn yn greide

06 maaie 2012 - 11:37

Yn in stik greide oan de Sondeler Leijen yn Sondel binne sneon de resten fan twa skiep fûn. De stikken skiep sieten yn in pûde. It is net dúdlik wat der krekt mei de bisten gebeurd is en fan wa't de skiep binne.

De plysje freget de boer dy't twa skiep mist om kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
skiep resten Sondeler Leijen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)