Anouska Koster wint etappe yn Ronde fan Noarwegen

14 aug 2016 - 16:57

Anouska Koster hat snein de tredde en lêste etappe oer 117,5 kilometer yn de Ronde fan Noarwegen wûn. Yn finishplak Halden wie de hurdfytster fan De Westereen de rapste fan in kopgroepke fan fiif froulju.

Yn it einklassemint waard Koster, Nederlânsk kampioene, tredde. Foar har einigen har ploechgenoaten Lucinda Brand en Thalita de Jong.

Trefwurden: 
hurdfytsen Anouska Koster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)