Jonkje yn it wetter rekke

06 maaie 2012 - 11:08

Oan de Feartswei yn Kollumersweach is sneon in 4-jierrich jonkje mei syn fytske yn it wetter rekke. Hy wie syn heit en mem even ûntkaam. Omstanners ha it berntsje út it wetter helle en him reanimearre. Doe't de helptsjinsten kamen, namen dy de reanimaasje oer. De traumahelikopter wie oproppen, mar dy hoegde úteinlik net yn aksje te kommen. It jonkje is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)