Stellen sieraden wer by eigner

06 maaie 2012 - 09:28

De sieraden dy't begjin april lâns de kant fan in dyk by Beetstersweach fûn binne, binne werom by de eigener. Foarbygongers fûnen yn de berm fan de Beetsterwei sieraden en horloazjes, mei de doaskes derby.

Neidat de plysje fan 'e wike foto's derfan op de site dadergezocht.nl set hie, melde har in frou fan It Hearrenfean. Sy herkende har eigendommen. Dy wiene stellen by in ynbraak mids maart. Nei alle gedachten hat de dieder de bút besjoen op it carpoolplak oan de Beetsterwei en it guod dat net weardefol genôch wie, fuortsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)