Springhynder Zirocco Blue komt snein yn aksje yn Rio

Jur Vrieling op Zirocco © ANP
It springhynder Zirocco Blue dat fokt is troch de stâl fan Wiepke van de Lageweg fan Bears komt snein foar it earst yn aksje op de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Ruter Jur Vrieling is as tredde Nederlanner oan bar, nei Jeroen Dubbeldam en Maikel van der Vleuten.
By it earste ûnderdiel fan de wedstriid giet it om de tiid en binne de hindernissen maksimaal 1,60 meter heech. De útslach telt mei foar it yndividuele klassemint en foar de startfolchoarder fan de lannewedstriid fan tiisdei.
Tiisdei wurdt in wedstriid sprongen dy't telt foar it lanneklassemint. Woansdei is dêr de twadde ronde fan. En freed is dan it twadde ûnderdiel fan de yndividuele wedstriid.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os of op de omrop-app.