Alle winkels MS Mode moandei wer iepen

MS Mode yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Alle Faber
Alle winkels en de webshop fan MS Mode binne moandei wer iepen. Dat is mooglik no't de kurators en de Rabobank in akkoart sletten hawwe oer it iepen hâlden fan MS Mode wilens it fallisemint. Dat hawwe de kurator en de bank sneontejûn witte litten.
It frouljusklaaiïngketen MS Mode frege op 5 augustus útstel fan betelling oan en waard ôfrûne tongersdei fallyt ferklearre. Yn Fryslân binne fjouwer winkels fan MS Mode, yn Ljouwert, Snits, Drachten en op It Hearrenfan.