Partoer Rianne Vellinga wint yn Menaam

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Iris van der Veen hawwe sneontemiddei de Gouden Wilhelmina Partij yn Menaam wûn. Iris van der Veen keatste de finale foar de blessearre útfallen Harmke Siergersma. Yn de finale wie it trio Vellinga mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra. Maaike Osinga waard keninginne fan de partij.
De tredde priis yn Menaam wie foar it toppartoer Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Yn de heale finale bakten sy der net safolle fan en ferlearen sy mei 5-2 en 6-6 fan it trio Monfils. Yn de striid om de tredde priis wie it allegear wat better mei it partoer fan Tuinenga. Dy wûnen sy mei de dúdlike sifers 5-0 en 6-2 fan Michelle Bruinsma, Mariska Hoogland en Annelien Broersma.