Harkemase Boys wint mei 2-0 fan Huizen

Robin Huisman de Jong mei de 2-0 © AWfoto
Harkemase Boys hat syn earste wedstriid yn de tredde difyzje wûn mei 2-0 yn en fan Huizen. Yn in spannende wedstriid kaam Harkemase Boys al nei 21 minuten op foarsprong troch in doelpunt fan Ezra Schrijver. Hy skoarde út in frije traap fan Oebele Schokker. Yn de 41e minút benutte Robin Huisman de Jong in strafskop en waard it 2-0. De Boys krigen noch in pear moaie kânsen mar it bleau 2-0. Dit betsjut in moai debút yn de nije tredde difyzje.