Bemanning Sneker Pan huldige yn Snits

Yn Snits is sneontemiddei de bemanning fan it Snitser skûtsje huldige foar it beheljen fan it kampioenskip yn de SKS. De Sneker Pan waard feestlik ynhelle yn de Kolk by de Wetterpoarte. Fan dêr gie it mei de Putkapel foarop yn optocht troch de stêd nei in grut poadium oan de Markstrjitte. Dêr sette wethâlder Durk Stoker fan Súdwest-Fryslân skipper Douwe Visser en syn bemanning yn it sintsje.
De Sneker Pan wie dit jier sa oppermachtich yn de SKS, dat it kampioenskip tongersdei al binnen wie.