FIDEO: Slayer skuorret as fan âlds op Into the Grave

13 aug 2016 - 12:03

"Slayer!" Wa't freed op en om it festivalterrein fan Into the Grave yn Ljouwert rûn, krige dizze útrop te pas en te ûnpas om de earen. It grutste part fan de besikers kaam dochs foaral foar de Amerikaanske metalikoan en dat lieten se hearre ek. Slayer sleat freedtejûn de earste dei fan it festival ôf mei in âlderwetsk skuorrende show. Ferslachjouwer Willem de Vries fan Omrop Fryslân stie klear om te filmjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)