Stroetinga wint yn Rijssen

© awfoto.nl
Wim Stroetinga hat sneon de twadde etappe fan de Ronde fan Oerisel wûn. De hurdfytser fan Aldeberkeap wie nei goed 200 kilometer de rapste yn de einsprint fan in kopgroep fan goed 20 man. De Belch Timothy Dupont waard twadde, Remco te Brake einige as tredde.
De einoerwinning yn de Ronde fan Oerisel gong nei de Súd-Afrikaan Reinhardt Janse van Rensburg, dy't freed de prolooch op syn namme skreau. Stroetinga waard tredde yn it einklassemint.