Minne race Bouwmeester, twadde plak bliuwt behâlden

© ANP
Marit Bouwmeester bliuwt ek nei de twadde wedstriid fan freed op it twadde plak yn it algemien klassemint stean yn de Laser Radialklasse. De Wartenster waard yn de achtste race 13e. Mei noch twa races en in medaljerace te gean, hat se in efterstân fan 10 punten op klassemintslieder Anne-Marie Rindom út Denemarken.
Rindom waard 6e, en ferstevige dêrtroch har earste plak yn it klassemint. Op it tredde plak stiet Annalise Murphy, dy't 12e waard.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.