Plaggehutten yn Noardwâlde wurde fuorthelle

13 aug 2016 - 07:01

De plaggehutten by de Spoekeplas yn Noardwâlde wurde definityf fuort helle. De hutten binne foarige moanne foar de safolste kear fernield. En ek neidat der stekken om set binne, brûke jongeren de hutten as glydsbaan en sette se se yn de brân. Yn oerlis mei Steatsboskbehear hat in tal organisaasjes yn Noardwâlde besletten de plaggehutten te ferpleatsen nei it parkearplak by de Spoekeplas, omdat se dêr mear yn it sicht stean.

De plaggehutten wurde brûkt by aktiviteiten, bygelyks it simmerfestival Noardwâlde en se binne fan histoaryske wearde foar de streek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)