Simmerrige: Bruorren Sikke en Geert Heerschop

De ien is in rebel, de oar libbet neffens it boekje. Sa typearret mem Heerschop (88) har soannen Sikke en Geert. Sikke Heerschop is bekend as skûtsjesiler by de IFKS. Troch syn ûndernimmersgeast is hy in man yn bonis. Hy ferkocht op jonge leeftiid al balen hea fan de gemeente en knapte âlde skippen op. Op skoalle woene se him net ha, mar syn saaklik ynstinkt brocht him fier. Sa is er eigener fan in bernedeiferbliuw en ferkeapet hy achtbanen oan Warner Bros yn Amearika.
Syn broer Geert wie yn alles ferstanniger, rêstiger. Gong nei de kweekskoalle en waard master. Nei in karriêre yn it ûnderwiis naam hy dit jier ôfskied.
Yn it petear yn Buro de Vries giet Sikke foar it earst yn op it ferstjerren fan syn heit. Dy stoar op 46-jierrige leeftiid oan in slimme sykte en liet syn frou en fiif bern efter. Sikke wie in puber en koe der lang net oer prate. Geert moast op de pleats de rol fan syn heit oernimme. Dy perioade blykt alle bruorren en sus Barbara flink foarme te hawwen. Dat de famyljebân wichtich is blykt wol út it feit dat alle bruorren meidogge oan it skûtsjesilen. Sels mem sjocht op it folchskip nei de wedstriden.
Yn it wykein dat de IFKS úteinset, weaget Sikke him oan in foarsichtich ôfskied. De lêste jierren gong it wat minder, mei it kampioenskip yn 2015 as djiptepunt. Hy degradearre hast, mar bleau der fanwegen in protest dochs yn. Hy hâldt op as syn soan Wytse him ferslacht by de IFKS. Dat kin noch in jier duorje, dus ek takom jier kinne we genietsje fan dizze eigensinnige skipper.
Harkje snein 14 augustus om 11.00 oere nei de reportaazje yn Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio.