Man út Haren oppakt foar mishanneling op It Amelân

© ANP
In 20-jierrige man út Haren is tongersdeitemiddei oanhâlden op It Amelân. Hy wurdt fertocht fan de swiere mishanneling fan in leeftiidsgenoat út Ljouwert. De twa krigen woansdeitenacht rûzje yn in diskoteek op it eilân. Doe't se inoar dêrnei op strjitte opnij tsjinkamen, krige de Ljouwerter in hurde klap yn syn gesicht.
Hy rekke hjirby sa swier ferwûne, dat er yn it sikehûs behannele wurde moast. It slachtoffer is yntusken wer thús.