Boer Jongsma fynt einlik syn ûntsnapte baarch

12 aug 2016 - 15:54

It is boer Jongsma en syn famylje freedtemiddei dan einlik slagge ien fan de twa ûntsnapte bargen te fangen. It bist wie al in skoftsje op 'e strún yn it natuergebiet It Ketliker Skar fan it Fryske Gea. De boer út Nijhoarne besocht al wiken de bargen te fangen troch se te lûken mei amers mei fretten, mar dat wie net genôch. De feedokter kaam doe mei it idee om in bytsje bier troch it iten te dwaan en dat hat fertuten dien.

It barchje waard sleau fan it bier. Dochs moasten der noch wol fjouwer minsken oan te pas komme om it bist yn 'e karre te krijen. It barchje besocht nochris te ûntsnappen doe't er wer yn syn hok siet, mar dat liet de boer net ta. Dy hat dêrom no stekken om it hok pleatst. Der wurdt noch socht nei it oare barchje, mar dy lit noch efkes op him wachtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)