Ljouwert makket him klear foar Into the Grave

12 aug 2016 - 14:26

Ljouwert makket him op foar it festival Into the Grave. Haadact dit jier is de Amerikaanske thrash metalband Slayer. Metalfans neame it spesjaal dat ien fan de grutste metalbands fan de wrâld nei Ljouwert takomt. Der wurde freed en sneon sa'n 7500 minsken ferwachte oan de foet fan de Aldehou.

De sechsde edysje fan it festival duorret twa dagen, oare jierren wie it altyd mar ien dei. De organisaasje hat dêrom besletten in spesjale camping yn te rjochtsjen foar de festivalgongers by it Rengerspark.

Der is in terrein frijmakke foar tinten, campers en caravans. Parkearje kin op de parkearplakken fan de hegeskoallen NHL en Stenden.

De organisaasje moast wol rekken hâlde mei de flearmûzen dy't yn it Rengerspark sitte. Dêrom binne der ekstra stekken pleatst. Nettsjinsteande it wiete waar ferwachtet de koördinator fan de camping gjin problemen. Wol is it advys jûn om learzens mei te nimmen.

Foar kultureel sintrum Neushoorn is it festival oanlieding om in Heavy Metal Breakfast oan te bieden. Besikers kinne dêr moarns terjochte foar in pûdsje mei trije broadsjes, yochert en fruit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)