Prinses Laurentien iepenet nije gebouwen Fryske Akademy

12 aug 2016 - 12:43

Prinses Laurentien iepenet op 9 septimber de nije gebouwen fan de Fryske Akademy yn Ljouwert. De Fryske Akademy, dy't yn 1938 oprjochte waard as wittenskiplik ynstitút foar de Fryske taal en kultuer, is ûnderbrocht yn it monumintale 18de-iuwske Coulonhûs en de omlizzende gebouwen. Foar it earst is de Akademy folslein restaurearre en oanpast oan de easken fan dizze tiid.

Prinses Laurentien is frege om de iepening te dwaan, omdat sy bestjoersfoarsitter fan Stichting Lezen en Schrijven is en beskermfrou fan it Genootschap Onze Taal.

De Fryske Akademy ûntwikkelet taalhelpmiddels foar it Frysk en hat in protte omtinken foar taal, ûnderwiis en meartaligens yn Fryslân. Yn 'e rin fan de jierren hat de Akademy him ûntwikkele fan in lyts ynstitút mei in protte frijwilligers ta in profesjonele ûndersyksynstelling. Sûnt 1990 is de Akademy ferbûn oan de KNAW (Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen) as ien fan de fyftjin ûndersyksynstituten.

Kongres en lêzingen

De offisjele iepening fan de gebouwen troch Prinses Laurentien is ûnderdiel fan in grutter programma om de fernijde Fryske Akademy hinne. Sa wurdt op tongersdei 8 septimber yn 'e tún fan 'e Akademy in wittenskiplik kongres holden oer Fryslân yn it ûndersyk fan de KNAW-ynstituten. Nei de offisjele iepening troch de prinses op freed 9 septimber, folget yn it Natuermuseum in programma mei lêzingen dy't yn it teken steane fan arsjitektuer en de werbestimming fan gebouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)