UPDATE: Man rekket beknipe ûnder trekker by Holwert

12 aug 2016 - 12:50

By in ûngelok op De Hoarnen by Holwert is oan de ein fan freedtemoarn in 68-jierrige ynwenner fan it doarp slim ferwûne rekke. De man waard oanriden troch de trekker en rekke beknipe. De man is troch helptsjinsten befrijd.

It slachtoffer is dêrnei mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok trekker Holwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)