Wurkgroep Skiermûntseach en Engie prate oer gasboarringen

12 aug 2016 - 12:02

Leden fan de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog ha nije wike woansdei in petear mei de direksje fan enerzjybedriuw Engie. Se sille ûnder oare 1000 kaarten mei foto's fan in lege hoarizon oanbiede. It Frânske bedriuw wol proefboarringen nei gas dwaan, 5 kilometer út de Noardseekust fan Skiermûntseach.

As der gas yn de boaiem sit, dan wol Engie mooglik 20 jier lang boarje. De wurkgroep en guon miljeuorganisaasjes binne tsjin dizze boarringen, om't se bang binne foar boaiemdelgong, fersmoarging en kalamiteiten.

Minister Henk Kamp hat beswieren fan Twadde Keamerfraksjes tsjin de boarringen neist him dellein. Ferklaaid as mûntsen holden leden fan de wurkgroep tongersdei in stille tocht as protest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)