SC Hearrenfean wol Japanske fuotballer Yuki Kobayashi

12 aug 2016 - 08:49

SC Hearrenfean nimt de Japanske fuotballer Yuki Kobayashi oer fan syn klup Jubilo Iwata. De 24-jierrige ynternasjonal komt nije wike nei Nederlân foar in medyske keuring. As hy dy hellet, dan tekenet Kobayashi foar trije seizoenen by de Feanster fuotbalklup.

Neffens technysk manager Gerry Hamstra is de middenfjilder in technysk en taktysk sterke spiler. Hy hat 130 kompetysjewedstriden spile en skoarde 17 kear. Hy kaam ien kear út foar it nasjonale alvetal fan Japan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)