Wim Stroetinga troch fal al útskeakele

© awfoto.nl
Baanhurdfytser Wim Stroetinga is fuort al útskeakele op de Olympyske Spelen. Syn teamgenoat Joost van den Burg foel en dus helle Nederlân mei de ploege-efterfolging de folgjende ronde net. De ploech, mei njonken Stroetinga en Van den Burg, Tim Veldt en Jan-Willem van Schip yn de ploech, moasten in tiid delsette en dêrmei by de earste acht einigje, mar dat slagge dus net. Sadwaande kin Stroetinga al wer nei hûs.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.