Jorritsma en Robbers winne C-finale twa-sûnder-stjoerfrou

11 aug 2016 - 22:26

Friezinne Aletta Jorritsma is tongersdei mei Karien Robbers as earste einige yn de C-finale fan it roeien op de Olympyske Spelen. De froulju, dy't útkomme yn de twa-sûnder-stjoerfrou, roeiden in tiid fan 8:23.61 en komme dêrmei op in 13e plak yn it klassemint.

Prizen wiene der al net mear te winnen: Jorritsma en Robbers wisten har ôfrûne tiisdei net te pleatsen foar de finales.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)