Ynbraak by tankstasjon Beetstersweach: sigaretten stellen

© ANP
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in ynbraak by tankstasjon Tolman oan de Hoofdstrjitte yn Beetstersweach. Tongersdei yn de iere moarn binne trije persoanen it tankstasjon binnen kommen. Se hawwe in grutte partij sigaretten stellen. Hjirnei binne se de strjitte oerstutsen en út it sicht fan de befeiligingskamera ferdwûn. De plysje freget tsjûgen harren te melden.