CBS: Fryslân hat measte krimpgemeenten

11 aug 2016 - 20:23

Yn 15 fan de 24 gemeenten yn Fryslân is it tal ynwenners weromrûn yn de earste helte fan dit jier. Dat docht bliken út sifers fan it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek. Fryslân is dêrmei de provinsje mei nei ferhâlding de measte krimpgemeenten. Menameradiel is de gemeente dy't der relatyf it meast op efterút gien is, folge troch Ljouwerteradiel. Flylân is de gemeente dy't ferhâldingsgewiis de measte nije bewenners krigen hat. Lanlik sjoen groeide it tal ynwenners mei in kwart persint yn de earste helte fan dit jier.

Trefwurden: 
CBS krimp befolkingskrimp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)