Boarterswike foar bern yn Ljouwert

Yn Ljouwert wurdt in berneboarterswike organisearre foar bern dy't sels net op fakânsje gean. Op it sportkompleks Nijlân binne fan 22 oant en mei 26 augustus tal fan aktiviteiten foar bern fan 6 oant en mei 12 jier. De berneboarterswike, mei dit jier as tema 'Sprookjesland', wurdt foar de 29e kear hâlden. De bern wurde yn dizze wike fermakke mei sport, aventoer en rekreaasje.