Ferkearsboerd op 'e dyk by Sint-Nyk

11 aug 2016 - 17:28

Op de A6 by Sint-Nyk rjochting De Jouwer hat in kypwein in 'wegbewijzeringsportaal' ramd. Troch de botsing rekke it portaal los en rekke swier skansearre. By de oanriding rekke nimmen ferwûne. Alle rydstroken rjochting De Jouwer hawwe in skoftlang ôfsletten west foar ferkear. De A6 is no wer frijjûn.

Trefwurden: 
Joure ferkearsboerd A6
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)