Cambuur feroaret neat yn opstelling

SC Cambuur-trainer Rob Maas feroaret de opstelling fan Cambuur net. Deselde alve spilers dy't ferline wike begûnen yn de wedstriid tsjin VVV stean freed ek op it fjild foar de earste thúswedstriid fan it seizoen. Jong PSV is de tsjinstanner. Cambuur sakke ferline wike yn de twadde helte troch de ûndergrins, mar neffens de trainer is de wedstriid goed analysearre en is der fan leard. De earste trije punten fan it nije seizoen moatte moarn pakt wurde. Jong PSV, mei âld-Cambuur spiler Rai Vloet yn de basis, wûn ferline wike fan Den Bosch.
Opstelling Cambuur: Nienhuis; Anderson, Steenvoorde, N Toko, Peersman; Monteiro, Bakker, Van der Streek; Gyasy, Hemmen, Gouriye.