Skylge wol mear hyndertoerisme

05 maaie 2012 - 17:04

Skylge wol mear toeristen mei hynders nei it eilân helje. Om dêr wurk fan te meitsjen hat it Hippysk Platform Skylge in plan makke. Snein wurdt in nije rydbak op it eilân offisjeel iepene. Dêrneist sil der sjoen wurde nei de oanlis fan nije ruterpaden en de feiligens fan besteande paden.

Earder al is wurk makke fan it oplieden fan ynstrukteurs. Al dit soart saken moatte liede ta in ferbettering fan it hynsteportklimaat op Skylge.

Trefwurden: 
Skylge toerisme hynder
(Advertinsje)
(Advertinsje)