Snits SKS-kampioen 2016: opnij winst op De Lemmer

11 aug 2016 - 15:57

It skûtsje fan Snits mei skipper Douwe Visser is tongersdeitemiddei kampioen wurden fan de SKS. Troch by de wedstriid op De Lemmer as earste te einigjen liet Snits it skûtsje fan nûmer twa Earnewâld op genôch ôfstân yn it klassemint om it kampioenskip feilich te stellen. Nettsjinsteande in einsprint fan Earnewâld slagge skipper Gerhard Pietersma der net yn om by de earste fjouwer te einigjen. Net genôch dus om Snits freed op de lêste dei fan de SKS noch te efterheljen.

Famylje-oangelegenheid

De twadde syldei yn de Lemster Baai by De Lemmer waard in famylje-oangelegenheid. Douwe Visser fan Snits waard op ‘e hakken sitten troch syn neven Douwe Visser fan Grou (twadde plak) en Albert Visser fan De Lemmer (tredde plak). Juster wûn Douwe Visser fan Snits ek al de silerij by De Lemmer.

Derop of derûnder foar Earnewâld

Foar Earnewâld wie it derop of derûnder. Sy moasten by winst fan Snits by de earste fjouwer einigje om noch in lytse kâns te meitsjen op it kampioenskip. De start wie foar Earnewâld lykwols net goed. Oant en mei de sechsde boeirûning kaam it skûtsje fan Pietersma net fierder as it achtste plak. Der waard noch wol in fersnelling ynset mar úteinlik bleau Earnewâld hingjen op it sechsde plak.

Soevereine oerwinning

Op 'e nij sylde Snits soeverein nei it earste plak. It betsjut de fjirde dei-oerwinning foar De Sneker Pan. Noch even like it derop dat Grou de kopposysje bedriigje soe, mar nei de finish ta naam Snits wer ôfstân. Douwe Visser reagearre sels kalm op de winst. "We hiene al it idee dat wy kampioen wiene ja," sei er tsjin ferslachjouwer Geartsje de Vries. "Ik bin in lykmjittich persoan. Mar fan binnen brânt it wol."

De folsleine útslach:

1. Snits
2. Grou
3. De Lemmer 
4. De Jouwer
5. Drachten
6. Earnewâld
7. Starum
8. De Halve Maen 
9. It Hearrenfean
10. Akkrum
11. Ljouwert
12. Wâldsein
13. Langwar
14. Huzum

Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier. Sjoch foar de folsleine útslach en it klassemint op de skûtsjeside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)