Jubileum fan Smelne's Erfskip by Iepen Monumintedagen

Iepen Monumintedei yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Geale Groen
De Iepen Monumintedagen yn Smellingerlân binne dit jier it poadium foar it jubileum fan Smelne's Erfskip. Dizze klup bestiet 25 jier en set him yn foar it behâld fan monumintale gebouwen yn de gemeente. De oprjochting fûn plak doe't in groep ûntrêstige Drachtsters yn aksje kaam foar it behâld fan it tabaksfabrykje fan Van der Meulen oan de Súdkade. Dat slagge. Smelne's Erfskip telt yntusken hast 900 donateurs.
De festiviteiten op de Iepen Monumintedagen bestean ûnder oaren út in histoaryske merk, boattochten, stedskuiers en it iepenstellen fan monumintale gebouwen.