''Op in goeie dei kinne se allegearre winne”

12 aug 2016 - 06:20

As tarieding op it Frysk kampioenskip fierljeppen iepenet Omrop Fryslân freedtejûn foar de tredde kear it fierljepkafee. In radio-útstjoering folslein yn it teken fan it fierljeppen, rjochtstreeks út Herberch De Trijesprong yn Winsum wei. Presintator Gerrit de Boer ûntfangt de toppers fan doe en no en sjocht mei harren foarút nei it FK fierljeppen op sneon 13 augustus yn Winsum.

Hoe bisto sa gek op fierljeppen wurden en kinsto sels ek in bytsje ljeppe?
‘’Ik hie begjin jierren santich, doe’t ik sa’n tolve jier âld wie, in buorman dy’t oan fierljeppen die op it heechste nivo. Troch him kaam ik yn oanrekking mei it fierljeppen en ha ik ek ferskate wedstriden sjoen. By it FK kamen yn dy tiid soms wol 5.000 minsken. Dy ynteresse is altyd bleaun. Ik ha doe sels ek besocht om te ljeppen. Mar ik fûn it dreech en fuotballe leaver. Dus in echte karriêre is dat nea wurden.’’

Hokker fierljepmomint is dy it meast bybleaun?
‘’Frjemd genôch is it grutste pikefelmomint net in fiere sprong mar in mislearre sprong fan Thomas Helmholt op it FK fierljeppen. Hy stie hielendal stil mei de pols en klom nei it topke doe’t syn pols bruts. Hy foel doe fan in hiel grutte hichte yn it sânbêd. Alles is goed beteard, mar it hie ek hiel oars ôfrinne kinnen en myn hert stie efkes stil. Fierder binne alle grutte kampioenskippen dêr’t ik by west ha en de rekôrs dy’t sprongen binne wylst ik derby wie moaie mominten om oan werom te tinken.’’

Wa binne neffens dy de grutste kânshawwers dit jier?
‘’Yn de topklasse is Bart Helmholt, de hâlder fan it Nederlânsk rekôr dat dit jier sprong is, wer de favoryt. Mar Bart draait ek in ûnbestindich seizoen. Efter him sitte Nard Brandsma, Sytse Bokma, de bruorren Galama en Thewis Hobma op it finketou. Op in goeie dei kinne se allegearre winne. Oane Galama en Thewis Hobma hawwe dat ek alris dien.’’

Hoe riedsto dy ta op it Fierljepkafee en it FK fierljeppen?
‘’Ik hoech my net sa bot ta te rieden om’t ik it hiele jier de útslaggen byhâld en ek regelmjittich by wedstriden kom. Dan sitst der wol goed yn. Om’t ik al sa lang meirin ken ik ek ferskate ljeppers út it ferline. Fansels ha ik ek it nedige oer de sport lêzen.’’

Wa binne dyn gasten jûn en wat wolsto fan harren witte?
‘’It radioprogramma bestiet út ferskate rubriken sa as de ûnbekende ljepper. Dêryn stelle we in ljepper foar dy’t fergetten is. Jan Ykema, dy’t we kenne fan it reedriden, wie eartiids ek in goeie ljepper. Hy is jûn te gast. Fansels wol ik alles witte oer dy fergetten karriêre. Fierder in tal ljeppers fan no by de froulju en de manlju sa as bygelyks Marrit van der Wal, Bart Helmholt en Nard Brandsma. Mei harren giet it oer harren foarm, harren seizoen en harren kânsen dit jier. Fierder prate wy oer it kampioenskip fan 1977 mei Evert Wilstra, Douwe Bult en Klaas Leistra. En is der noch folle mear! Sa komt de muzyk fan de Lucky Daltons en hawwe wy in tal kolumnisten. Fansels sjogge we mei de ljeppers en in tal sjoernalisten foarút nei it kampioenskip fan dit jier. It wurdt al mei al fêst wer in feestje!’’

It Fierljepkafee mei presintator Gerrit de Boer is jûn fan 18.00 oant 20.00 oere te hearren op Omrop Fryslân Radio.

Folgje alles rûnom it FK fierljeppen by Omrop Fryslân
Fierljepkafee:                           freed 12 augustus om 18.00 oere
FK fierljeppen:                          sneon 13 augustus fan 13.30 oere ôf op radio, telefyzje,
                                               Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De finale is ek te folgjen op Facebook.
Werhelling FK fierljeppen:          sneon 13 augustus fan 24.00 oant 02.00 oere en
                                               snein 14 augustus fan 09.00 oant 11.00 oere op Omrop Fryslân Telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)