Kongres oer ICT yn de soarch yn De Lawei

11 aug 2016 - 13:59

GERRIT, it gearwurkingsferbân op it mêd fan ICT yn de soarch, bestiet tweintich jier. Dêrom is der foar alle soarchferlieners yn Noard-Nederlân in grut kongres yn teater De Lawei yn Drachten. Dy gearkomste fynt plak yn septimber. Yn Drachten komme ûnder oaren sprekkers fan it UMCG en út de ICT-wrâld.

It gearwurkingsferbân is opsetten troch soarchynstânsjes yn it noarden. Inisjatyfnimmer wie Districts Huisartsen Vereniging Friesland. Sy woenen in systeem wêrmei't se, as in pasjint dêr tastimming foar jout, maklik digitaal ynformaasje útwikselje kinne. Ek rjochtet de gearwurking him op ynnovaasjes yn de soarch.

Trefwurden: 
GERRIT ICT soarch De Lawei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)