Piet Lichtendahl krijt betinkstien yn Harns

11 aug 2016 - 11:52

Der komt in betinkstien yn Harns foar Piet Lichtendahl. De Kimswerter is foarich jier by de Fiskerijdagen troch sinleas geweld om it libben kaam. In 36-jierrige man út Harns joech Lichtendahl samar út it neat in klap op de holle, wêrtroch't er ferstoar. De dieder hat hjirfoar in selstraf krigen fan fjouwer jier, foar swiere mishanneling mei de dea as gefolch.

De betinkstien komt op de Grote Bredeplaats yn Harns, flakby it kafee dêr't it bard is. It is de bedoeling dat de stien pleatst wurdt mei de Fiskerijdagen. Dy binne fan 24 oant en mei 27 augustus. De gemeente en neibesteanden sille nije wike de fierdere details beprate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)