Kollum: ''Skytpapier''

11 aug 2016 - 08:45

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers.Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

''Jo brûke it, ik brûk it, kening Willem, Obama, Poetin, Jan Smit brûkt it ek. Sa kin ik noch wol even trochgean. Eartiids waard de Hepkema of de Ljouwerter Krante yn streken knipt en oan in spiker pript. Dizze kollum giet oer ien fan de meast normale artikels dy’t binne, nammentlik it de rôle WC papier. Mar dan wol oer twa eksessen oangeande dit ienfâldige mar och sa nuttige gebrûksartikel, dat meastal in frijwat roemleas ein fynt. Fierder hoech ik dêr net op yn te gean, jo snappe my wol. Der binne ek altyd útsûnderingen, hjoed neam ik der twa.

It is ien grut drama op it Kanaryske eilân La Palma. Mar leafst sân prosint fan it fakânsje walhalla is troch in fûle brân ferwoeste. Om jim in idee te jaan hoefolle sân prosint is, it oerflak fan Fryslân is neffens omke Google sa’n 3350 fjouwerkante kilometer. As je dêr sân prosint fan nimme komme je út op ûngefear 235 fjouwerkante kilometer. En hoe grut is dat dan? No, nim bygelyks It Amelân, dat is 260 fjouwerkante kilometer grut. Dus dan soe hast it hiele eilân ferbrâne. Yn it gefal fan La Palma is 5100 bunder grûn mei alles dat der op stiet yn flammen opgien. 2500 minsken moasten evakuearre wurde trochdat it fjoer harren huzen bedrige.

Earlik sein hie ik dit nijs oer de kop sjoen, mar troch in tweet fan de Volkskrant waarden myn eagen der hinne lutsen. En wol om dizze reden, de brân is oanstutsen. Tryste saak fansels. Hast in tsiende part fan it eilân yn flammen op en jo sille it mar dien ha. Yn dit gefal giet in om in 27 jierrige Dútser. Dy hat it dien. Dy hat de fik oanstutsen. Wolle jim ek witte hoe? No, hy moast even út de broek. Ik tink dat er hege need krigen hat earne yn de bosk fan La Palma. Dat kin ús allegearre oerkomme. It is dêr faak waarm, dus moai oan it bier en de snacks sitten. Even in eintsje rinne om de saak wat sakje te litten en ja, dan krije jo wolris hege druk.

Dútsers binne op alles taret, dus dizze hie kreas in rôle húskepapier mei. Foar it gefal dat. Gründlichkeit is in Dútser syn middle name. En Dútsers binne netsjes. Dus tocht dizze dat er it papier net yn in miljeu omslingerje litte woe, mar hy tocht, lit ik it mar even ferbrâne, dan is it fuort. Op himsels net in ûnaardige gedachte, mar it is nochal droech op de Kanaryske eilannen, dus no is der rûchwei in tsiende part fan La Palma wei. De Dútser kin foar syn died ferfolge wurde. Dan krijt er grif in boete. En dan kom ik wer by skytpapier út, want hjir yn Fryslân wol nimmen de kont mei it Centraal Justitieel Incasso Bureau ôffeie, hearde ik op dizze stjoerder.

In frijwat ludike aksje, in man út Ljouwert liet 3000 rollen mei it logo fan it CJIB printsje om se te ferkeapjen en sa fan syn skuld ôf te kommen. Mar hy rekket se oan de strjitstiennen net kwyt en dus komt er grif noch djipper yn de stront te sitten. As er ien rôle yn de wike brûkt, hat de man foar mear as 57 jier genôch húskepapier op foarried. Miskien kin er se oan de iepenbiere toiletten by Nederlânske natuergebieten skinke. Mei wat subsydzje kin der dan ek in stikker by levere wurde dy’t dan boppe de papierhâlder plakt wurde kin mei de tekst: Bij brandstichting komt u ons tegen. Mei in pylkje nei ûnderen, dêr’t de rollen mei it CJIB logo hingje. Sa meitsje je fan de need in deugd.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)