Man oppakt yn Ljouwert nei fjochtpartij op De Weaze

11 aug 2016 - 07:19

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitenacht in 28-jierrige man oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. Yn in shoarmasaak by De Weaze wie om trije oere hinne in fjochtpartij ûntstien. Twa manlju hienen it 46-jierrige slachtoffer yn it gesicht slein, wêrnei't er út de tiid rekke. Hy is troch meiwurkers fan de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

De twa manlju binne nei de fjochtpartij útnaaid. Oan de hân fan in sinjalemint koe ien fan har oanhâlden wurde. De twadde fertochte wurdt noch socht. De plysje docht ûndersyk nei de saak.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje fjochtpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)