Moaie dei foar Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester, hjir op argyffoto © ANP
De tredde dei op de Olympyske Spelen is in moaie dei wurden foar Marit Bouwmeester. De sylster út Warten wûn de earste race en yn de twadde race waard se sechsde. Dêrtroch klimt se fan it fjirde nei it tredde plak. Miskien wol de grutste konkurrint fan Bouwmeester is de Sinese Xu en dy waard achtste en tolfde, wêrtroch't Bouwmeester har foarby is. De Deense Rindom en de Ierse Murphy diene it lykwols ek goed. Sadwaande bliuwt it ticht by elkoar sitten yn de top fan it klassemint.
Tuskenstân nei 6 races (fan de alve):
1 IRL MURPHY Annalise
1 13 4 7 5 2 19
2 DEN RINDOM Anne-Marie
5 8 38 3 3 1 20
3 NED BOUWMEESTER Marit
6 4 14 4 1 6 21
4 CHN XU Lijia
3 38 3 1 8 12 27
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.