Perfekte omstannichheden foar Hurdsyldei Snitser Mar

10 aug 2016 - 19:40

De omstannichheden op 'e Snitser Mar wiene woansdei ideaal foar de Hurdsyldei. Wynkrêft fjouwer, in protte sinne en in pear reinbuien. De Hurdsyldei wurdt dit jier foar de 201e kear holden. It is tradisjoneel de belangrykste dei fan de Snitswike. 800 sylboaten yn 40 ferskillende klassen stride om de prizen. Wat opfalt, is it grut tal jonge dielnimmers. Ek yn de organisaasje fan de Snitswike, de Koninklijke Watersportvereniging Sneek (KWS) is men mei ferjonging dwaande. Der wurde nije minsken oplaat foar de wedstriidlieding.

Ek foar de sosjale media is in protte omtinken. Foto's en filmkes fan de Snitswike wurde dield op Twitter en Facebook. De KWS kaam der dizze wike efter dat de Hurdsyldei fan takom jier op 9 augustus 2017 falt, tagelyk mei de SKS-skûtsjesylwedstryd by Terherne, beide op de Snitser Mar. It is praktysk net mooglik om safolle sylboaten én 14 skûtsjes tagelyk yn itselde farwetter te hawwen. De organisaasjes fan de Snitswike en it skûtsjesilen sille mei elkoar om tafel om foar takom jier in oplossing te betinken.

Trefwurden: 
silen Hurdsyldei Snitser Mar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)