Rjochter: Bou hegere brêge Ryptsjerk kin trochgean

10 aug 2016 - 18:52

De bou fan in hegere brêge oan de Binnendyk yn Ryptsjerk kin gewoan trochgean. Dat hat de rjochter woansdei besletten. In fersyk fan fjouwer ynwenners om de bou fan de brêge út te stellen is dêrmei ôfwiisd. De rjochter fynt dat de bou fan de brêge net yn striid is mei it bestimmingsplan.

De provinsje en de gemeente Tytsjerksteradiel wolle de brêge mei 65 sintimeter ferheegje yn ferbân mei de farrûte foar elektryske boaten. De bewenners binne hjir op tsjin. Sy binne bang foar ferlies fan privacy en oerlêst fan auto's.

Lêste kâns

De Ryptsjerksters hawwe noch ien lêste kâns om de komst fan de brêge te kearen. Op 23 augustus wurdt in beswierproseduere tsjin de omjouwingsfergunning behannele by de gemeente.

Trefwurden: 
brêge Ryptsjerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)