Man yn Wolvegea berôve

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige ynwenner fan Wolvegea is freedtenacht troch trije manlju mishannele en berôve. Dat barde om fiif oer yn de Van Harenstrjitte. De trije manlju stielen syn mobile tillefoan, syn bankpas en paspoart.
De plysje herkende it trijetal oan de hân fan it sinjalemint, omdat se earder dy jûns oanhâlden wiene en doe fertelden dat se út Stienwyk kamen. Sadwaande koe de plysje harren auto sneintemoarn ier op de Meppelerwei yn Stienwyk oanhâlde. It giet om in 31-jierrige en in 34-jierrige Stienwiker en in man fan 28 jier út Ommen.