"UR Caparis hie om advys frege wurde moatten"

10 aug 2016 - 17:54

De ûndernimmingsried fan Caparis hie om advys frege wurde moatten oer de beneaming fan tydlik direkteur Peter Lincklaen Arriëns. Dat is de útkomst fan it koart pleit dat de ûr tsjin de sosjale wurkfoarsjenning oanspand hie. Neffens de rjochter nimt Lincklaen Arriëns tydlik alle wurksumheden fan de direkteur oer en dêrom hie op basis fan de Wet op de Undernimmingsrieden de ûr advys jaan moatten.

De ried fan kommissarissen fan Caparis fûn dat de ûr gjin advys hoegde te jaan om't it mar om in tydlike beneaming gie.

Neffens de rjochter betsjut dizze útspraak net dat de beneaming no ynlutsen wurde moat. De tydlik direkteur is foarearst oant 29 septimber 2016 oan it wurk by Caparis

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)