Menaam wint 114e Freule

10 aug 2016 - 17:49

De 114e edysje fan de Freule yn Wommels is wûn troch Menaam. Yn in spannende finale wiene Harmen Schuitmaker, Tom Gerard Cats en Tycho de Groot mei 5-3 en 6-2 te sterk foar Peins mei Wessel van Wier, Jolt Vollema en Roel Pieter de Jong.

Gjin grutte ferrassingen
It wie in kâlde edysje fan de Freule foar de 145 keatsers en in lytse 4800 taskôgers. Ek de keatserij koe it publyk net bot ferwaarmje: gjin grutte ferrassingen en net bot spannende partijen.

Menaam
Menaam trof in geunstige lotting. Oer de hiele dei krige it partoer net in soad tsjinslach: de earste omloop waard mei 5-1 en 6-2 wûn fan Damwâld, yn de twadde omloop waard mei 5-1 en 6-2 wûn fan Tsjummearum.

Op de tredde list joech Reduzum mei 3-5 en 2-6 wat mear tsjinwicht, mar op wei nei de finale waarden Arum en Eksmoarre beide mei skjinne fiif earsten oan de kant set.

Peins
Lykwols wiene ek de Peinzers grut favoryt. Sy keatsten har ôfrûne snein op de generale foar de Freule yn Frjentsjer noch yn de krânsen. Peins soe it op papier benammen yn de earste twa omlopen dreech krije. Op de earste list wachte fuort outsider Makkum. Dochs hie it partoer út Peins net folle muoite mei de Makkumers: 5-1 en 6-2.

Yn de twadde omloop folge de topper tsjin Berltsum. Nettsjinsteande in sterke start fan de Berltsumers, wist Peins dochs noch maklik te winnen mei 5-2 en 6-2. Ek de heale finale wie net dreech foar Peins, dat mei in steand nûmer troch de fjirde omloop kaam wie. Dit kear wie Anjum it slachtoffer: 5-1 en 6-0.

Finale
De finale rûn de earste trije earsten gelyk op. Op 3-3 en 6-6 miste Roel Pieter de Jong, grutte man by Peins, it perk: in beslissende slach. Dêrnei folgen noch in pear missers fan De Jong en koe Menaam útrinne. Op 5-3 en 6-2 wist it perk fan Peins de keats net foarby te slaan en waard Menaam foar de tredde kear yn de skiednis winner fan de Freule.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)