'Swarte hannel' by fytstocht

Startbewizen foar de Fytsalvestêdetocht wurde in soad te keap oanbean op ynternet. Op Marktplaats wurde de kaarten ferkocht foar tusken de 80 en 130 euro. De oarspronklike priis is 12 euro. De organisaasje oerwaget om foar de kommende jieren oer te gean op in oare wize fan kaartferkeap.
De Fytsalvestêdetocht wurdt altyd hâlden op Pinkstermoandei. Mei 15.000 dielnimmers sit de tocht no al fol. De tocht bestiet dit jier hûndert jier. Dat soe ek de grutte tarin en de hege prizen op ynternet ferklearje kinne.