SKS: Snits wint, Earnewâld behâldt posysje

10 aug 2016 - 16:22

Snits is woansdeitemiddei de winner wurden fan it SKS skûtsjesilen yn de Lemster Baai by De Lemmer. Dêrmei fersterket it skûtsje fan skipper Douwe Visser it earste plak yn it klassemint. 

Twadde waard De Jouwer mei skipper Dirk Jan Reijenga. In einsprint fan it Jouster skûtsje soarge noch foar in tige spannende finish, mar úteinlik luts Snits oan it langste ein.

Earnewâld waard tredde en dêrmei behâldt skipper Gerhard Pietersma syn twadde plak yn it klassemint.

Sterke start foar Drachten, minne dei foar Akkrum
De wyn spile dizze dei in spultsje mei de skûtsjes, troch dan wer op te stekken en dan wer lizzen te gean. Drachten begûn sterk oan de race en lei oant en mei de fiifde boeirûning oan kop, mar waard úteinlik sechsde. Thússkûtsje Lemmer einige op it fjirde plak.

In minne dei wie it foar it skûtsje fan Akkrum. Dat ferliest tige wichtige punten yn it klassemint nei in teloarstellend lêste plak op De Lemmer.

Konsternaasje
Der wie noch wat konsternaasje op it skûtsje fan Ljouwert. Dat kaam yn botsing mei it skûtsje fan de Súdwesthoeke. In skoftke letter moast Sietske Meeter, de frou fan Ljouwerter skipper Siete Meeter, troch de helptsjinsten fan board helle wurde. Troch de botsing hat it helmhout har holle rekke, mei in harsenskodding as gefolch. Se is nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht foar fierder ûndersyk.

De folsleine útslach:
1. Snits
2. De Jouwer
3. Earnewâld 
4. De Lemmer
5. It Hearrenfean
6. Drachten
7. Grou
8. De Halve Maen 
9. Langwar
10. Starum
11. Ljouwert
12. Wâldsein
13. Huzum
14. Akkrum

Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier. Sjoch foar de folsleine útslach en it klassemint op de skûtsjeside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)