Needferoardering om wedstriid

Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean hat fanwege de fuotbalwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Feyenoord snein in needferoardering ynsteld. Hy docht dat út feiligensoerwagings. Der binne sinjalen dat in soad ekstra Feyenoordsupporters sûnder kaartsje foar de wedstriid nei It Hearrenfean komme. De plysje hat sein dat dy de feiligens net garandearje kin.
De needferoardering is fan tolve oere sneontemiddei oant sneintejûn tolve oere fan krêft. Yn dy perioade is It Hearrenfean ferbean gebiet foar alle Feyenoordsupporters.
Om It Hearrenfean hinne moatte minsken rekken hâlde mei fertraging op de tagongswegen, omdat der in soad kontrôles dien wurde.