Deadebetinking yn Fryslân

04 maaie 2012 - 21:07

Jongere generaasjes moatte belutsen bliuwe by it betinken fan oarlochsslachtoffers en de fiering fan de befrijing. Dat sei boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert freed by de provinsjale deadebetinking yn de Prinsetún.

Crone fynt dat de foarm fan it betinken dêrom fernijd wurde kin. Freed waard dat dien troch muzyk en ynterviews yn it programma op te nimmen. Sa waard in F16-piloat ynterviewd oer syn wurk yn Afganistan. De boargemaster sei it in opjefte te finen om in bliuwende, trochgeande betsjutting oan it betinken en fieren te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)