Ungelok by stjoermêst

04 maaie 2012 - 18:17

Op de stjoermêst fan Hoogersmilde is freed in klimmer ferwûne rekke. De man is fallen en leit op sa'n 80 meter hichte. Helpferlieners besykje by de man te kommen om him dêrnei mei in brankaar nei ûnderen te bringen. As dat net slagget, moat de man mei in helikopter of mei touwen nei ûnderen brocht wurde. It is noch net dúdlik hoe slim oft de man deroan ta is.

Nei in fûle brân ferline jier moast de mêst ferfongen wurde. Dat wurk is krekt dizze wike úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)