4 Fryske rydsters nei Liga

04 maaie 2012 - 16:35

Fjouwer Fryske reedrydsters komme takom seizoen út foar de Ligaploech. It wie al bekend dat Thijsje Oenema fan De Jouwer de oerstap nei Liga makket. De ploech makke freed bekend dat ek Janine Smit en Mayon Kuipers fan It Hearrenfean en Yvonne Nauta fan Twellingea by de ploech komme.

De koekjefabrikant liet freed ek witte dat dy foarearst trochgiet mei de sponsoaring fan de ploech fan âld-reedrydster Marianne Timmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)